Wille Wike 2020:


It Coronavirus hat ek gefolgen foar de WilleWike 2020. Spitigernôch kin dy net trochgean. Wy sjogge jim graach wer yn 2021!


Nijs/blog

Ynformaasjebrief Willewike 2019

Publyseare op maandag 22 april 2019

Hjirûnder is it ynformaasjebrief en de ynformaasjebrosjuere fan de Willewike 2019 te finen.

Klik hjirûnder om dizze te iepenjen:


Publyseare op maandag 30 april 2018

Hoi allegear,

Hjoed in ferhaaltsje fan Mirthe en Wybren. Se skriuwe yn it Nederlânsk omdat harren memmetaal Nederlânsk is, mar wat dogge se alles goed mei mei de lessen. We binne tige grutsk op harren. Hjirûnder harren ferhaal:

“De eerste dag deden we vlaggenroof. Daarna werden we nat, want het regende. Daarom konden we ook geen kampvuur maken. Toen gingen we op bed. Vandaag werden we wakker, gingen we eten en daarna kregen we Fries.

Processed with VSCO with fp4 preset Processed with VSCO with fp4 preset Processed with VSCO with fp4 preset Processed with VSCO with av4 preset

Dat was best leuk, we deden ook een bingo. Gisteravond gingen we bowlen, dat was super leuk. We gingen ook weerwolven en daarna lekker slapen. Nadat we wakker werden, hebben we ochtend gymnastiek gedaan en weer Friese les. Vanmiddag hebben we hutten gebouwd, daarna hebben we gegeten.

Processed with VSCO with kp3 preset Processed with VSCO with kp3 preset Processed with VSCO with kp3 preset Processed with VSCO with kp3 preset Processed with VSCO with kp2 preset Processed with VSCO with kp2 preset

Vanavond hebben we nog vrije tijd gehad en een speurtocht gedaan, het was super leuk. Groetjes Mirthe en Wybren”


Publyseare op zondag 29 april 2018

Hoi allegear!

Processed with VSCO with a5 preset Processed with VSCO with a5 preset

Wy hawwe hearlik iten hjoed. De kok hie tortillataart makke, eltsenien is oan it smikkeljen west. Wy hawwe fannejûn te bowlen west en dat wie hiel moai!

Processed with VSCO with av4 preset Processed with VSCO with av4 preset

Elisa en Nika hienen de heegste skore. Der wienen ek guon bern dy’t in soad wille hellen út akrobatyk in de pleatselike disko…

Processed with VSCO with kp9 preset
We hienen wer in privébus hjoed mei deselde bussjauffeur Jos. It wie hiel gesellich yn de bus en we ha ‘Jossie bedankt’ mei syn allen songen foar Jos. Dit fûn der machtich!

Processed with VSCO with a5 preset Processed with VSCO with a5 preset

We lizze no al eefkes op bêd en ha de dei fannejûn ôfsluten mei in spultsje.

 

Wy sizze lekker sliepe en oant moarn!


Publyseare op zondag 29 april 2018

Hoi allegear,

Wy fermeitsje ús hjir poerbêst op Skylge!

Processed with VSCO with fs16 preset

Juster binne wy mei de bus nei de Folkshegeskoalle gien. We hienen sawat in privébus, want mei sa’n 30 man siet de bus aardich fol. Dat wie fansels wol hiel moai en gesellich en sels de bussjauffeur fûn it moai! Nei in lytse busreis binne wy mei de hannen en earms fol mei bagaazje nei de Folkshegeskoalle gien. Dêr binne we mei elkoar yn de kunde kaam, hawwe wy spultsjes dien en binne ek wy bûtendoar west.
Wy hawwe justerjûn stimpstamp andivy iten mei in gehaktbal. Jûns hawwe wy yn de bosk flaggerôf dien en hawwe wy de dei ôfsluten mei in grappige kwis. Fansels wie de lieding ek in team, mar koenen se it net winne fan de bern. Wy hawwe mei syn allen oan it hakken west op it nûmer ‘Strjitlizzer’ en oan it roeien west mei Anneke Douma mei it nûmer ‘woanskip’. Al mei al in fantastyske earste Willewikedei foar it basisûnderwiis!

Processed with VSCO with a2 preset

Fannemoarn wienen wy iere betiid wekker. Krekt oer sânen hienen guon bern al ûnder de dûs stien en wienen al oanklaaid. Fansels wienen de bern earder wekker as de lieding, De lieding hie de bern fansels leaver sels wat letter wekker makke, mar wy hienen der dus alwer bot sin oan!

Processed with VSCO with av4 preset

Nei it moarnsbrochje hawwe wy Fryske les hân en in soart fan ekspedysje Robinson dien, mar dan de Willewike ferzje.

Processed with VSCO with av4 preset

Fannemiddei hawwe wy nei it Wrakkemuseum west en no binne wy oan it tsjillen. Wy sille sa ite en jûn te bowlen yn West.

Oant gau!

Leave groetnis fan de bern en de lieding!!


Ynformaasjebrief + Ynformaasjebrosjuere Willewike 2018

Publyseare op zondag 8 april 2018

Hjirûnder is it ynformaasjebrief en de ynformaasjebrosjuere fan de Willewike 2018 te finen.

Klik op de link om dizze te iepenjen:

YnformaasjebriefWillewike2018

Ynformaasjebrosjuere Willewike 2018


Willewike 2018

Publyseare op zaterdag 17 maart 2018

De basisûnderwiisgroep is al hielendal fol.

De fuortset ûnderwiisgroep hat noch in pear plakken oer, dan is de hiele WilleWike grôtfol,

en dat is goed nijs!

Wolst mei? Jou dy dan hjoed noch op!

29258589_1464235520348924_3452163751608377821_n


WilleWike

© 2008 - 2014 WilleWike - Alle rjochten tabehalden. WilleWike wurdt stipe troch de Provinsje Fryslân.

@willewike op twitter

Folgje de Wille Wike op

FacebookTwitterYoutube