Wille Wike 2020:


It Coronavirus hat ek gefolgen foar de WilleWike 2020. Spitigernôch kin dy net trochgean. Wy sjogge jim graach wer yn 2021!


(Geplaatst op zondag 29 april 2018)

Hoi allegear,

Wy fermeitsje ús hjir poerbêst op Skylge!

Processed with VSCO with fs16 preset

Juster binne wy mei de bus nei de Folkshegeskoalle gien. We hienen sawat in privébus, want mei sa’n 30 man siet de bus aardich fol. Dat wie fansels wol hiel moai en gesellich en sels de bussjauffeur fûn it moai! Nei in lytse busreis binne wy mei de hannen en earms fol mei bagaazje nei de Folkshegeskoalle gien. Dêr binne we mei elkoar yn de kunde kaam, hawwe wy spultsjes dien en binne ek wy bûtendoar west.
Wy hawwe justerjûn stimpstamp andivy iten mei in gehaktbal. Jûns hawwe wy yn de bosk flaggerôf dien en hawwe wy de dei ôfsluten mei in grappige kwis. Fansels wie de lieding ek in team, mar koenen se it net winne fan de bern. Wy hawwe mei syn allen oan it hakken west op it nûmer ‘Strjitlizzer’ en oan it roeien west mei Anneke Douma mei it nûmer ‘woanskip’. Al mei al in fantastyske earste Willewikedei foar it basisûnderwiis!

Processed with VSCO with a2 preset

Fannemoarn wienen wy iere betiid wekker. Krekt oer sânen hienen guon bern al ûnder de dûs stien en wienen al oanklaaid. Fansels wienen de bern earder wekker as de lieding, De lieding hie de bern fansels leaver sels wat letter wekker makke, mar wy hienen der dus alwer bot sin oan!

Processed with VSCO with av4 preset

Nei it moarnsbrochje hawwe wy Fryske les hân en in soart fan ekspedysje Robinson dien, mar dan de Willewike ferzje.

Processed with VSCO with av4 preset

Fannemiddei hawwe wy nei it Wrakkemuseum west en no binne wy oan it tsjillen. Wy sille sa ite en jûn te bowlen yn West.

Oant gau!

Leave groetnis fan de bern en de lieding!!

WilleWike

© 2008 - 2014 WilleWike - Alle rjochten tabehalden. WilleWike wurdt stipe troch de Provinsje Fryslân.

@willewike op twitter

Folgje de Wille Wike op

FacebookTwitterYoutube