WilleWike

www.willewike.nl

  • Vergroot lettergrootte
  • Standaard lettergrootte
  • Verklein lettergrootte

NIJS:WilleWike 2012

E-mail Afdrukken PDF

Wy ha mei de provinsje Fryslân in goed petear hân oer de subsydsje fan 2012. Wy ha der goede hoop op dat wy dit ek krije. Der op foarút rinnend ha wy de opjêftte fan de WilleWike 2012 alfêst iepen dien.

 De WilleWike 2012 sil dit jier wer hâlden wurde yn de maaiefakânsje.

 De basisûnderwiis groep giet fan freedtemiddei/jûn 27 april 2012 o/m woansdei 2 maaie. Priis: € 135.

De fuortsetûnderwiis groep giet fan woansdei 2 maaie o/m snein 6 maaie. Priis: € 145.

 Jou dy op fia Opjaan yn it menu hjir neist. Alle bern dy't al ris earder mei west binne krije ynkoarten in brief fia de mail. Sy gean foar by it opjaan. Der jildt ek dit jier wer in maksimum fan 15 bern yn eltse groep!

Laatst aangepast op donderdag, 26 januari 2012 21:26
 

WilleWike 2012

E-mail Afdrukken PDF
Wy binne stadich oan wer begûn mei it opstarten fan de tariedings fan de WilleWike 2012. Dizze moanne sille wy in gesprek ha mei de provinsje hjir oer. Fjirdere ynformaasje folget as wy mear witte.
 

Wolkom op de side fan de WilleWike

E-mail Afdrukken PDF

Fan herte wolkom op de nije side fan de WilleWike. Troch dat ús âlde side oanfallen is troch in hacker binne wy begûn mei in nije side. Dizze side sil yn de rin fan de moannen wer folle wurde mei allegear ynformaasje oer de WilleWike. Sjoch der net raar fan op dat der ferwizings (links) binne dy't dea rinne, we binne de side op dit stuit oan int ûntwikkeljen.

Jo kinne fansels altyd maile nei: Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft JavaScript nodig om het te kunnen zien.

Laatst aangepast op woensdag, 06 oktober 2010 18:12
 

BEGELIEDERS

E-mail Afdrukken PDF

Wy binne as organisaasje fan de WilleWike noch op syk nei ien of twa begelieders foar de âldere groep fan de WilleWike. Dizze groep is fan 4 oant en mei 8 maaie op Skylge. We ha op dit momint genôch minsken om de wike troch gean te litten, mar we soene noch graach wat minsken der by ha wolle, sa dat eltsenien it krekt wat rêstiger hat. Dochst de PABÛ, learareoplieding, of bist al ôfstudeart en hast sin om mei te gean? Dan heare wy it graach.

 

Foar mear ynformaasje kinst maile nei: Dit e-mailadres is beschermd tegen spambots. U heeft JavaScript nodig om het te kunnen zien. of skilje mei: 06-22750083

Laatst aangepast op maandag, 28 maart 2011 15:13
 

By A Web Design